Skip to content

Oranjekoeke

In fryske klassieker, mar net sa maklik

  • 350 gram selsrizend bakmoal
  • 220 gram wite bastertsûker
  • 25 gram bûter
  • 1 aai
  • 5 ytl. wetter
  • 2 theel. anyssied
  • 1 theel. nútmuskaat
  • raspe skyl fan 1 synesapel
  • (slachrjemme)
  • (sûkerblomkes)

mangelspiis:

  • 100 gram mangels
  • 100 gram sûker
  • 1/2 aai
  • 1/2 sitroen
  • glazuer (glêssûker)
  • 100 gram poeiersûker
  • 1 ytl. reade beisop

Doch alle yngrediïnten foar it daai yn in kûm en knyp it ta in lynige daaiklute. It daai yn twaën ferdiele en apart útrolje ta rûne lapen, sadat men twa gelikense rûnten krijt. Tusken dizze lapen strykt men wat mangelspiis (fan e bakker, of selsmakke, sjoch resept). De lapen oan e sydkanten opinoar drukke sadat der gjin spys ta'n útkomt. In healoere op in mei bûter ynfette bakblik bakke yn 'e midden fan 'e ûne op 160°C. Wyls makket men glazuer fan 'e sille poeiersûker en it beisop. As it te stiif is, dripjendewei wat wetter derta dwaan. It moat in glêd, perfoarst net te tin smarsel wurde. As de koek wat ôfkuolle is, kin er besmard wurde mei it glazuer ek wol glêssûker neamd, dat men der mei in wietmakke mes oerhinne strykt.

Hjir en der in pear sûkerblomkes oplizze. De glêssûker in amerij behurdzje litteen dan de oranjekoeke opspuitsje mei stiifkloppe slachrjemme. Foar it sels meitsjen fan mangelspiis docht men de mangels yn in pantsje mei wetter, dêr't de soad eefkes oer gean moat. Spiel se dan ôf mei kâld wetter en helje de húltsjes derôf. As it goeie mangels binne floepe se samar ú it jaske. De mangels ôfdroegje yn in skjinne theedoek en se dan mealle yn in mangelmûntsje. Sokke mûntsjes binne foar in goed tsientsje wol te besetten. As men alle amngels meald hat, docht men it mealsel der nochris troch, tagelyk mei de sûker, sadat dat der ek fuort yn ferarbeide wurdt. Dernei mei in foarke der in heal aai en it sop fan in heale sitroen trochrearre. De spiis is no klear om brûkt te wurden. Yn 'e kuolkast bewarre, kin men it noch wol in wykmennich goedhâlde.
Tapassing: folling foar oranjekoek, folde koeken, mar ek foar bonbons.

Leave a Reply

Your email address will not be published. Required fields are marked *